2011: 24 ferkearsslachtoffers

27 des 2011 - 13:43

Der binne yn 2011 24 deadlike slachtoffers fallen yn it Fryske ferkear. Dat is itselde oantal as yn 2010 en 2009. De plysje neamt de sifers stabyl, mar perfoarst net gerêststellend. Benammen omdat it ôfrûne jier in opfallend tal iensidige ûngefallen registrearre waarden.

De plysje wol dêrom dat de ferkearsgebrûkers noch mear op har rydgedrach oansprutsen wurde sille, sadat it tal ûngelokken mei needlottige ôfrin weromrinne kin. Lanlik daalde it tal deadlike slachtoffers yn it ferkear mei 4 persint.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)