Meubels Fryske Marren te keap

03 maaie 2013 - 12:29

De nije gemeente De Fryske Marren docht syn âlde kantoarmeubilêr yn de útferkeap. Net eltsenien kin samar wat keapje. De oerstallige taffeltsjes, buro's en stuollen geane yn earste ynstânsje nei de ferienings fan Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân.

Tolve ferienings hawwe harren ynskreaun. Se hawwe al efkes in rûntsje makke troch it gemeentehûs fan Balk op syk nei gaadlik meubilêr. De helte fan de tafels en stuollen is no ferkocht. Wat oerbliuwt giet nei in opkeaper.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)