Cambuur hâldt rekken mei feest

03 maaie 2013 - 12:23

Eltsenien dy't hert foar Cambuur hat hopet freedtejûn op it kampioenskip fan de Jupiler League. Yn dat gefal spylje de Ljouwerters takom seizoen yn de earedivyzje. It moat allegearre gebeure yn Rotterdam by Excelsior. En dan moat der ek noch help komme út Deventer.

In soad Cambuur-supporters sjogge jûn de wedstryd op in grut skerm yn it eigen stadion. En as alles meisit wurdt it in grut feest mei tûzenen minsken. Mei de feilichheid komt it dan wol goed, sa seit haad feilichheidssaken Keimpe Vellinga.

It wurdt wol let foardat de seleksje werom is út Rotterdam. Yn it gefal fan in kampioenskip kin it wol oant 2 oere nachts duorje oant it safier is, tinkt Vellinga.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)