4 ynbraakfertochten oanhâlden

Oanhâlden © Omrop Fryslân
De plysje hat tongersdeitenacht fjouwer minsken oanhâlden by in hûs oan de Klazingawei yn Easterwâlde. De fjouwer wurde fertocht fan in ynbraak. Se binne meinaam nei it plysjeburo om heard te wurden.
It giet om in man (37) en in frou (26) út Haulerwyk en om twa ynwenners fan Grins fan 19 en 22 jier âld. Alle fertochten binne ynsletten yn ôfwachting fan it fierdere ûndersyk.