Gjin problemen by PI Ljouwert

27 des 2011 - 12:19

De beskerming fan finzenispersoniel tsjin agressy en wurkdruk yn Ljouwert is yn oarder. Lanlik is it ûnder de maat. Dat binne konklúzjes dy't de Arbeidsynspeksje lûkt nei kontrôles by justisjele ynstellings. Yn acht fan de tsien gefallen is it net goed regele. Sipiers binne te min beskerme tjsin agressy fan detinearden en besikers. Ek komt tusken kollega's yntimidaasje en diskriminaasje foar. Yn 2008 lutsen sipiers ek al oan de bel.

Sûnt dy tiid is it op in soad lokaasjes allinnich mar minder wurden. Mar de Arbeidsynspeksje trof yn Ljouwert gjin grutte problemen oan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)