Jobbegea knapt strjitte op

Bewenners fan de Bremsingel yn Jobbegea hawwe sels harren strjitte opnij ynrjochte. Troch de besunigings fan de gemeente waard der eins neat mear dien oan it oanlizzen fan grien. Yn de Bremsingel leine allinnich mar klinkers en dat woene de bewenners oars ha.
Se krigen 10.000 euro fan de gemeente en wenningboukorporaasje Accolade foar planten, strúkjes, grûn, bankjes en oar guod om blomperkjes yn de strjitte te meitsjen. De kommende tsien jier moatte de bewenners sels de perken ûnderhâlde, sa is ôfpraat mei de gemeente.