Boeken oer klokkemakkers

02 maaie 2013 - 20:37

Nei tsien jier argyfûndersyk komme der takom moanne mar leafst twa boeken út oer de klokkemakkers en -skilders fan De Jouwer en de rest fan Fryslân. De boeken binne skreaun troch Lammert de Bruin. It earste diel giet folslein oer De Jouwer. Yn it boek giet it oer de skiednis, mar ek oer de praktyk fan it meitsjen en skilderjen fan de klokken.

It swiertepunt fan it boek leit yn de 19e ieu. Doe wie De Jouwer in wichtich sintrum yn de klokkemakkerswrâld. Yn it twadde boek stiet in oersjoch fan alle klokkemakkers en skilders fan Fryslân.

Trefwurden: 
De Jouwer klokkemakkers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)