Ynleverdei Twadde Wrâldoarloch

Tresoar © Omrop Fryslân
By Tresoar yn Ljouwert kin freed allerhanne guod út de Twadde Wrâldoarloch ynlevere wurde. Mei it Fersetsmuseum hâldt Tresoar fan tsien oere ôf in spesjale ynleverdei. De ynstellings binne op syk nei ûnder oare foto's, dokuminten en boeken út de perioade '40-'45. Mar ek oare saken binne wolkom. Wol moatte se op ien of oare wize in link hawwe mei Fryslân.
It Fersetsmuseum en Tresoar hâlde al jierren in saneamde ynbringdei rûnom 4 en 5 maaie.