Bûtenswimbad noch net sa drok

02 maaie 2013 - 19:00

Yn de Fryske bûtenswimbaden rint it dizze maaiefakânsje noch net stoarm. De maaiefakânsje is tradisjoneel de start fan it seizoen, mar troch de legere temperatueren en de kâlde wyn hâldt de belangstelling noch net echt oer.

Swimbad De Klomp yn Wommels gie sneon sels in wike letter iepen as earst it doel wie. Der hawwe oant no ta goed 700 swimmers west, in moai begjin neffens Alien Okkema fan it swimbad. 1 maaie wie oant no ta de drokste dei mei mear as 200 swimmers.

De Klomp waard jierren lyn alris bedrige mei sluting, mar lûkt sûnt in opknapbeurt folle mear publyk. As de temperatueren wer wat omheech gean sil dat ek dit jier grif wer yn oarder komme, ferwachtet Okkema.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)