Sirene hearre fia de autoradio

02 maaie 2013 - 16:48

De sirene fan de ambulânse klinkt meikoarten ek yn de auto. Alteast as men nei Omrop Fryslân harket. Dan kin de ambulânse gebrûk meitsje fan it saneamde Flister-systeem. Dermei kin op de frekwinsje fan de omrop it lûd fan de sirene trochklinke.

Sa moatte automobilisten earder yn de gaten hawwe dat der in ambulânse oankomt. De Omrop hat hjir tastimming foar jûn, mei de oare noardlike omroppen RTV Noord en RTV Drenthe. Moandei 6 maaie wurdt it systeem offisjeel yn gebrûk naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)