It Hearrenfean:stappers oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandeitenacht op de Oude Koemarkt op It Hearrenfean in man (36) út Dordrecht en in frou (27) fan Jobbegea oanhâlden. De plysje wie oproppen foar reboelje en wie dwaande de gegevens fan de belutsenen op te skriuwen.
De man út Dordrecht gie sûnder oanlieding troch it lint, de frou út Jobbegea besocht him del te bêdzjen, mar slagge dêr net yn. De plysje hold de man oan. Dy skopte en sloech dêrby nei de plysjes. De frou wie it net iens mei de oanhâlding en skopte tsjin in plysje-auto. Beide waarden meinommen nei it buro.