Feart Ryptsjerk dochs baggere

De feart by Ryptsjerk
De opfeart oan de Westerdyk by Ryptsjerk sil lang om let baggere wurde. De modder út de feart sil yn jannewaris troch de provinsje op in oar plak stoart wurde. Trije jier ferlyn waard de opfeart lanlik nijs doe't De Rijdende Rechter oandacht bestege oan de kwestje.
It skeel gie tusken it echtpear Roel en Tia de Jong dat de sleat baggerje woe en It Fryske Gea dat de blaumodder net op it eigen lân hawwe woe. Echtpear De Jong wol de sleat baggerje omdat harren boat der hast net mear troch kin. No't de sleatmodder troch de provinsje op in oar plak brocht wurdt, is de kjeld út de loft.