Tsjûgen socht ynbraak Sint Nyk

© Omrop Fryslân
De plysje siket minsken dy't wat sjoen hawwe fan in ynbraak by in supermerk oan de Molewei yn Sint Nyk. Dêr waarden yn de nacht fan snein op moandei sigaretten stellen. De dieders binne fia it dak de supermerk yngien.
Omdat der nochal wat minsken op 'e dyk wiene, tinkt de plysje dat mooglik ien wat sjoen hat. Dy wurdt frege him te melden by de plysje. Dat kin ek anonym.