Wapen en drugs fûn by kontrôle

26 des 2011 - 14:43

De plysje hat op de A31 by Menaam twa ynwenners fan Frjentsjer oanhâlden, omdat se yn it besit wiene fan drugs en in wapen. De plysje seach de twa fan 26 en 27 riden en gie oer ta in kontrôle. Dêrby besochten de twa wat te ferstopjen. It die bliken dat it gie om de drug speed.

Der waard ek himp en in stroomstjitwapen yn de auto fûn. De twa hawwe op it plysjeburo in proses-ferbaal krigen.

Trefwurden: 
drugs wapen speed
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)