Swiere mishanneling yn Dokkum

26 des 2011 - 13:02

Twa manlju út Mitselwier binne yn de nacht fan sneon op snein yn Dokkum oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. Plysjeminsken seagen dat de jongste fan de twa sûnder iennige oanlieding in 22-jierrige Dokkumer tsjin de holle sloech. Dy foel op de grûn en rûn in brutsen noas, in brutsen kaak, in harsenskodding en ferwûnings oan de nekke op. Doe't de plysje de 19-jierrige man út Mitselwier oanhâlde woe, besocht syn 22-jierrige maat de oanhâlding tsjin te hâlden troch ien fan de plysjeminsken te skoppen. Beide mannen binne oanhâlden en fêstset op it buro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)