Soad animo foar rommelmerk

26 des 2011 - 12:32

Tûzenen minsken bringe twadde krystdei in besite oan de rommelmerk yn it WTC yn Ljouwert. Der binne mear as 350 standhâlders. De animo is sa grut dat de besikers mear as in heal oere yn de rige stean moasten om in kaartsje te keapjen. It measte guod op de rommelmerk komt fan partikulieren.

(advertinsje)