Bestimming socht foar stedhûs

It stedhûs fan Boalsert
De gemeente Súdwest-Fryslân wol op koarte termyn in goeie bestimming foar it stedhûs fan Boalsert. It monumintale stedhûs stiet leech, omdat de gemeente Boalsert opgien is yn Súdwest-Fryslân.
Der binne al ferskate ideeën. De bibleteek soe mooglik yn it stedhûs kinne. Ek in jongereinsintrum, de âldheidskeamer en in gemeenteloket binne mooglike opsjes. De gemeente sil de helberens fan de ferskate opsjes yn 2012 ûndersykje.