Ringen OS-stadion stellen

25 des 2011 - 13:13

De kâns is grut dat in Fryske âldjiersploech de fiif kleurde Olympyske ringen boppe it Olympysk stadion yn Amsterdam meinommen hat. Op it plak fan 'e ringen stiet no in boerd mei de tekst 'Dit stadion is al oud, bij ons wordt nieuw gebouwd. Sportief luiden we 2012 in, 't komt terug onder elk beding'. It buordsje is fersierd mei twa Fryske pompeblêden.

De tekst liket in ferwizing nei it plan foar de bou fan in nij Thialf op It Hearrenfean.

Hokker Fryske âldjiersploech de ringen krekt meinommen hat is noch net bekend. Mooglik giet it om de âldjiersploech fan Frijsteat Folgeren út Drachten. Dy hat earder besocht om it wapenskyld fan it provinsjehûs yn Ljouwert mei te nimmen, mar dizze aksje mislearre. Foarsitter Sytze Jan Hof lit witte dat syn ploech alwer op paad west hat. Wat de stunt diskear wêze sil, kin elkenien sjen op 1 jannewaris.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)