Tsjûgen socht fan mishanneling

25 des 2011 - 11:26

De plysje siket tsjûgen fan in mishanneling en bedriging dy't ferline wike snein plakfûn op de Nijstêd yn Ljouwert. Tichtby de bioskoop waard in frou fan 23 jier út Dronryp mishannele troch har eks-freon. Ek har soantsje fan 2,5 jier seach alles gebeuren. In grut tal minsken wie tsjûge fan de mishanneling. Guon fan har hawwe ek filmkes makke fan it ynsidint. De plysje ropt dizze tsjûgen op om har te melden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)