Tsjinsten gemeenten byelkoar

De sosjale tsjinsten fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel wurde ynelkoar skood. It giet om in eksperimint en as it slagget soe it de opstap wêze kinne foar it fusearjen fan beide amtlike organisaasjes. De amtners fan beide sosjale tsjinsten komme byekoar te sitten yn Bûtenpost. Doel is om jild út te sparjen en om de kwaliteit fan de tsjinstferliening te ferbetterjen.
De kliïnten út Tytsjerksteradiel dy't in berop dwaan moatte op de sosjale tsjinst hoege net nei Bûtenpost, want der bliuwt ek in loket yn Burgum.