Sympoasium oer hûnestront

De gemeente Ljouwert is ien fan de inisjatyfnimmers fan in grut sympoasium oer hûnestront. It sympoasium wurdt hâlden yn Nieuwegein. Doel is dat gemeenten leare hoe't se omgean moatte mei 'Nederlân's grutste argewaasje': hûnestront. Mear as 400 Nederlânske gemeenten wurde foar it sympoasium útnoege.
De gemeente Ljouwert hat in súksesfolle oanpak fan it probleem en is dêrmei in foarbyld foar oare gemeenten.