Dronken Snitser rydt grêft yn

© Jan Douwe Gorter
In 23-jierrige Snitser is freedtenacht yn dronken tastân mei syn auto it wetter fan de Prinsegrêft yn Snits ynriden. Neidat de man der troch in omstanner úthelle wie, naaide er út. Hy koe letter troch de plysje oanhâlden wurde yn syn hûs, hy hie doe krekt dûst. Hy waard troch de plysje meinaam nei it buro foar ferhoar.
Omdat net dúdlik wie oft der neist de man noch oaren yn 'e auto sieten, hawwe dûkers fan de brânwacht yn de grêft oan it sykjen west. Sy hawwe lykwols net ien mear fûn.