Stasjonsgebou Wolvegea opknapt

24 des 2011 - 12:18

It stasjonsgebou fan Wolvegea hat in metamorfoaze ûndergien. De wachtromte wie faak smoarch en der sieten hingjongeren. Dêrtroch fielden in soad minsken har net mear feilich. Net aardich foar de reizgers, dy't soms in oere op in oansluting wachtsje moatte. Mar ek net foar de eigener fan de blommesaak dy't yn it gebou sit.

No is de muorre tusken de wachtromte en de blommesaak fuorthelle. Sa is der tafersjoch en kinne reizgers sels noch in bakje kofje krije. De nije romte is in útkomst.

Trefwurden: 
Wolvegea stasjon
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)