Skea troch hurde wyn

Hurde wyn hat yn de nacht fan freed op sneon op in tal plakken yn 'e provinsje foar problemen soarge. Op Skylge drige it dak fan in fakânsjehúske te waaien. Dat is yn sân hasten fêstset.
Op 'e Lemmer en yn Mildaam waaiden beammen om, yn Mildaam gie it dêrby om in grutte beam. Op beide plakken waard de brânwacht ynset om de dyk wer frij te meitsjen. Foar safier't bekend binne der gjin minsken ferwûne rekke.