Minsken pakt foar drugshannel

23 des 2011 - 19:45

De plysje hat yn Boalsert en omkriten alve minsken oanhâlden op fertinking fan de hannel yn en gebrûk fan harddrugs. Dêr is in jier ûndersyk oan foarôf gien.

Ferline wike binne de earste fjouwer fertochten oppakt. Yn de dagen dêrnei binne noch sân oanhâlden op fertinking fan belutsenheid. By it trochsykjen fan in wenning yn Blauhûs is speed, kokaïne en XTC, Chrystal Meth, hasj, jild, sieraden en in hennepkwekerij oantroffen.

Fjouwer minsken fan tusken de 20 en 33 jier sitte noch fêst. De oaren fan tusken de 17 en 47 jier binne nei ferhoar wer frijlitten. De plysje slút net út dat der noch mear fertochten oanhâlden wurde.

Trefwurden: 
Boalsert drugs hannel
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)