Jild foar duorsumer Ofslútdyk

Ofslútdyk © Omrop Fryslân
In boppeslach neamt deputearre Tineke Schokker de 20 miljoen dy't it ryk beskikber stelt foar de ûntwikkeling fan duorsume en toeristyske projekten op de Ofslútdyk. De ekstra bydrage waard freed bekend makke troch steatsekretaris Joop Atsma by de ûndertekening fan it bestjoersakkoart oer de Ofslútdyk tusken ryk, provinsjes en gemeenten.
It ryk stekt boppedat 800 miljoen euro yn it feilich meitsjen fan de Ofslútdyk. Dan giet it bygelyks om it opheegjen en it oanpakken fan de spuisluzen.
Dêrneist wolle de provinsje Fryslân en Noard-Hollân dat der tal fan ekstra projekten op de dyk ûntwikkele wurde, benammen op it mêd fan duorsume enerzjy. De 20 miljoen fan it ryk moat dêr by helpe.