Nije firus op trije bedriuwen
Op trije bedriuwen yn Fryslân binne misfoarme lammen smiten, trochdat de skiep besmet binne mei it Schmallenberg-firus. Dat is in nije feesykte, dy't in skoftsje lyn ûntdutsen is yn Dútslân. Fee dat besmet is, smyt misfoarme keallen en lammen.
Meielkoar binne der tritich bedriuwen yn Nederlân dêr't it firus konstatearre is. Dêrnjonken binne der 16 bedriuwen wêrfan't it fermoeden bestiet dat dêr ek fee mei it firus besmet is.
Der is noch net in soad bekend oer it Schmallenberg-firus, dêr wurdt noch folop ûndersyk nei dien.