Bliid mei beslút Boontjes

23 des 2011 - 12:04

De ûndernimmers yn de haven fan Harns binne bliid mei it beslút dat de drompel yn de fargeul De Boontjes takom jier lang om let fuorthelle wurde sil. De Boontjes is de fargeul tusken Harns en Koarnwertersân. Al jierren wurdt praat oer it útdjipjen fan de farrûte.

Skippen kinne no allinnich mei heech wetter oer de drompel hinne en moatte oars in hiel ein omfarre. It ryk hat no it jild beskiber steld foar de wurksumheden.

Trefwurden: 
boontjes
(advertinsje)
(advertinsje)