Rotondeplan Dong'diel giet oer

23 des 2011 - 11:50

It plan om rotondes yn Dongeradiel adoptearje te litten troch bedriuwen is net helber. Yn it plan soene de bedriuwen dy't de rotondes adoptearje soene, der reklame op meitsje meie. Mei it jild dat se dêrrfoar betelje soene, koene de rotondes ûnderhâlden wurde. Ut ûndersyk hat no bliken dien dat it de gemeente amper jild besparret.

De rotondes moatte oanpast wurde foar de reklamebuorden. Bedriuwen dy't belangstelling hiene, wolle dat sels net betelje en de gemeente hat dêr ek gjin jild foar.

Boargemaster en wethâlders fine it ek net goed dat rotondes der troch de reklamebuorden hiel ferskillend útsjen soene.

Trefwurden: 
rotonde
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)