Better kameratafersjoch havens

Befeiligingskamera's © Omrop Fryslân, Remco de Vries
Rykswettersteat ferbetteret it kameratafersjoch yn ferskate fearhavens. Yn Holwert, Nes, Lauwerseach en op Skiermûntseach komme nije kamera's. Dy yn Harns, op Flylân en Skylge wurde ferfongen. Yn Harns komt boppedat in ekstra kamera. Rykswettersteat is ferantwurdlik foar it tafersjoch yn de havens.
Ut ûndersyk hat bliken dien dat de kwaliteit fan de kamerabylden better kin. Se brochten ek net alles yn de havens goed yn byld. Rykswettersteat stelde it kameratafersjoch in jier lyn yn. Sûnt dy tiid binne der ek bettere kamera's op de merk kaam. Dy wurde no oanskaft.