Himpkwekerij op It Fean

Himp © ANP
Yn in hûs oan de Thorbeckestrjitte op It Hearrenfean is tongersdei in himpkwekerij oprôle. Plysjes dy't yn de buert mei in ûndersyk oan de gong wiene, rûkten in sterke weedlucht by it hûs. Doe't se klear wiene mei har ûndersyk, seagen se yn it hûs. Dêr fûnen se 350 himpplanten. Boppedat waard de stroom yllegaal ôftape.
De planten en de apparatuer binne yn beslach naam. Der is noch net ien oanhâlden.