Stienzer ynbrekker betrape

© Omrop Fryslân
Yn Kollumersweach hat de plysje tongersdei in ynbrekker op 'e died betrape. Buorlju hiene glêsgerinkel heard en bellen fuort de plysje. De ynbrekker, in 46-jierrige ynwenner fan Stiens, ferstoppe him yn de nok fan de wenning. Doe't er even letter nei bûten kaam waard er oanhâlden.
Bliken die dat er yn de wenning foar in grutte ravaazje soarge hie. Meubels en ferskeidene apparaten wienen fernield.