Burgumer auto-ynbrekker oppakt

23 des 2011 - 10:39

Mei de oanhâlding fan in 29-jierrige man út Burgum hat de plysje ferskate auto-ynbraken, in autobrân en in ynbraak yn in hûs oplost. Doe't de man heard waard bekende er dat er yn Burgum seis en yn Ljouwert fjouwer kear ynbrutsen hie yn auto's. Yn Ljouwert hie er boppedat in auto yn de brân stutsen.

De man sit foarearst fêst.

Trefwurden: 
auto-ynbraak
(advertinsje)