Ekstra kontrôle op Egypte

23 des 2011 - 10:27

Op de Egypte yn Bûtenpost wurdt begjin jannewaris in skoftlang ekstra kontrolearre op te hurd riden. Minsken dy't dêr wenje ha by de plysje klage oer autobestjoerders dy't har net oan de snelheid hâlde. De dyk wurdt in soad brûkt troch bern dy't nei skoalle fytse. Trochdat de Egypte frij smel is, smyt dat geregeld gefaarlike situaasjes op.

De plysje dielt de earste wike fan jannewaris earst allinne warskôgings út, de wyks dêrop krije minsken in bon, at se har net oan de maksimumsnelheid hâlde.

Trefwurden: 
Egypte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)