Krystmiel lytse selsstannigen

23 des 2011 - 10:04

Krapoan 60 minsken ha freed yn Ljouwert meidien oan in spesjaal krystmoarnsbrochje foar lytse selsstannigen. It is in inisjatyf fan fiif ûndernimmers dy't yn in bedriuwssammelgebou yn Ljouwert wurkje. Se fine dat har beropsgroep ek de gesellichheid om de Krystdagen hinne fernimme moat, sa't dat by grutte bedriuwen wenst is mei bygelyks krystbeammen op de wurkflier en krystborrels mei kollega's.

Op de byienkomst waard de oprop dien om de term ZZP'er, selsstannige sûnder personiel, te ferfangen troch ZP'er, selsstannich professional.

Trefwurden: 
moarnsbrochje ZZP'er
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)