De Boontjes wurdt útdjippe

De drompel yn de fargeul de Boontjes wurdt takom jier fuorthelle. De provinsje en it ryk hawwe dat ôfpraten. De Boontjes is de fargeul tusken Harns en Koarnwertersân en der waard al jierren praten oer it útdjipjen. Skippen kinne allinnich mei heech wetter oer de drompel hinne en moatte oars in hiel ein omfarre.
Yn april fan dit jier like it der noch op dat it noch wol in skoft duorje soe foardat de Boontjes oanpakt wurde soe, mar it ryk hat no it jild beskiber steld, sadat takom jier it wurk lang om let útfierd wurde kin. it befarber hâlden fan de fargeul is benammen foar de haven fan Harns.