Aris stunt tsjin Den Bosch
De basketballers fan Aris Ljouwert ha de earste heale finale wedstriid om it Nederlânsk kampioenskip mei 82-67 wûn fan EiffelTowers Den Bosch. Yn de sfearfolle Maaspoort yn Brabân hie Aris gjin plankekoarts tsjin de nûmer ien fan de reguliere kompetysje. Healwei stie de thúsploech ien puntsje foar: 39-38. In slappe lêste minút fan it tredde kwart betsjutte 59-54. It lêste kwart wie lykwols folslein foar de ploech fan Erik Braal. Aris lei de regearend lânskampioen mei 28-8 oer de knibbel. Samme Givens wie mei 22 punten de tûkste Aris skutter.
Snein is de twadde wedstriid yn Ljouwert. De ploech dy't it earst trije kear wint is finalist.