Wedstriid foar sportgemeente

Hjoeddeiske gemeentes yn Fryslân
Foar de achtste kear is woansdei de ferkiezing sportgemeente fan it jier begongen. De ferkiezing wurdt organisearre troch ûnder oare de sportkoepel NOC*NSF en de Vereniging Nederlandse Gemeenten. It doel fan de ferkiezing is om gemeenten te stimulearjen in duorsum sport- en beweechbelied op te setten. Gemeenten moatte earst tsien fragen beantwurdzje oer it sportklimaat yn harren gemeente en se moatte it bêste inisjatyf op sportmêd beskriuwe.
De gemeenten moatte har foar 9 augustus oanmelde, wêrnei't de nominaasjes bekend makke wurde.