Huldiging Cambuur op moandei

01 maaie 2013 - 20:26

As Cambuur freed kampioen wurdt, wurde de spilers en trainers moandei yn de stêd huldige. Earder is net mooglik fanwege de deadebetinking op 4 en it befrijingsfestival op 5 maaie.

De freed sels, as Cambuur syn lêste wedstryd spilet is ek gjin opsje. Cambuur moat dan yn Rotterdam spylje tsjin Excelsior en de ploech komt let werom yn Ljouwert. Wol giet freed it Cambuurstadion iepen. Earst om de wedstryd op in grut skerm te sjen, mar ek om midden yn de nacht dochs alfêst in earste feestje te hawwen mei de spilers.

Neffens boargemaster Crone fan Ljouwert lizze alle draaiboeken foar sawol freed as moandei klear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)