Mear opûnthâld Werpsterhoeke

© Omrop Fryslân
It ferkear moat de kommende dagen by de Werpsterhoeke rekken hâlde mei mear opûnthâld as oars. It ferkear wurdt omsetten nei de nije rydbaan fan de Wâldwei en dêrfoar binne stikken dyk ôfsletten. Yn it ramt fan de oanlis fan de heak om Ljouwert wurdt de Wâldwei ferbrede. As it ferkear aanst omlaat is nei de nije dyk, kin dy ferbreding begjinne.
De omliedings wurde oanjûn mei buorden en duorje oant sneontejûn seis oere.