'Doeksen skrast boaten om EVT'

Doeksen driget opnij mei it skrassen fan tsjinsten yn de winter as de EVT noch langer trochfarre mei. Dat meldt direkteur Paul Melles op de webside fan Doeksen. Oarsaak fan it skrassen is de neffens Doeksen ûnearlike konkurrinsje fan EVT, dy soarget foar pynlike ferliezen by de feartsjinst.
In pear wike lyn hat it Kolleezje fan Berop foar it bedriuwslibben útsprutsen dat de definitive útspraak oer de feartsjinsten útsteld is. Neffens Melles giet yn de simmer in kwart fan de reizgers mei de EVT oer nei de eilannen.
Dat skeelt Doeksen in soad jild en yn de simmer moatte se winst meitsje om yn de winter de ûnrendabele tsjinstregeling fan te beteljen.