De Wylp kriget grinspeal werom

De histoaryske jitizeren grinspeal wurdt tongersdei weromset oan de Bremerwei by De Wylp. De 19e ieuske peal jout de grins oan tusken Fryslân en Grinslân. Hy wie fersutere en lei al jierren yn de greide.
Yn septimber ferline jier ûntdutsen de eigeners fan it lân dat de peal fuort wie. Dúdlik waard dat de provinsje de peal ophelle hie om him op te knappen en him dêrnei werom te setten op it oarspronklik plak.