Fjouwer prosint hierferheging

De hieren by de wenningbou-korporaasjes gean dit jier mei trochinoar fjouwer persint omheech. In pear korporaasje fiere de maksimale hiersferheging fan 6,5 prosint troch. Dat jildt allinnich foar minsken mei in ynkommen boppe de 43.000 euro. Dat docht bliken út rûngong by Fryske wenningbou-korporaasjes del.
De Bewennersried Fryslân hie oantrune op net mear as de maksimale hierferheging fan de ynflaasje, dus 2,5 persint. Elkien is de iennige korporaasje dy't dat advys opfolget.
De Bewennersried Fryslân komt op foar de rjochten fan de measte hierders yn 'e provinsje.