Baneprojekt skjinmakbedriuw

01 maaie 2013 - 11:57

Minsken mei in útkearing yn de nije gemeente De Fryske Marren kinne meikoarten help krije by it finen fan in baan. Skjinmakbedriuw Menno Sappé op 'e Jouwer is út ein set mei in baneprojekt. It bedriuw liedt dielnimmers op foar in fakdiploma dat erkend wurdt troch de himmelbrânsj. Oant no ta binne trije minsken mei de oplieding út ein set. De kursus duorret in heal jier.

Meastentiids wurde bedriuwen ferplichte om minsken mei in útkearing op te nimmen yn it bedriuw. Dit projekt hat Sappé út eigen inisjatyf opset.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)