Protest tsjin sloop âld húske

01 maaie 2013 - 11:43

It lanlike Cuypersgenootschap keart him tsjin de sloopplannen fan in Ryksmonumint oan de Streek yn Kimswert. It giet om wenhúske dat boud is tusken 1800 en 1850. De gemeente Súdwest-Fryslân hat ynstimd mei de sloop omdat it húske min is. De eigener seit gjin jild te hawwen om it op te knappen.

Neffens it genoatskip is dat gjin reden om ta sloop oer te gean, ek omdat net oantoand is dat it húske net mear te rêden is. Boppedat fynt it genoatskip dat de gemeente better tafersjoch op it húske hâlde moatten hie, sadwaande it protest.

It Cuypersgenootschap is in lanlike ynstelling foar behâld fan boukundich erfguod út de njoggentjinde en tweintichste ieu.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)