Botsing mei te swiere motor

01 maaie 2013 - 11:18

In ynwenner fan Koatstertille is tiisdeitejûn mei de motor ûnderút gien op de Havenweg yn it Grinslanner Uthuzen. De 20-jierrige man ferlear op in rotonde de macht oer it stjoer en kaam tsjin in lampepeal ta stilstân.

Ut kontrôle fan de plysje die bliken dat de Tilster op in te swiere motor ried. Hy hie gjin rydbewiis foar dat type motor. De motorrider rekke net ferwûne.

Trefwurden: 
motor Koatstertille Uthuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)