113 mei de brommer

01 maaie 2013 - 10:31

In brommerrider út Ljouwert is troch de plysje trapearre op fierste hurd riden. Op de Holstmeerweg yn syn wenplak ried de 33-jierrige Ljouwerter 113 kilometer yn de oere. Dat foel de plysje op.

Doe't er oanhâlden wie die ek bliken dat de man de brommer hielendal net brûke mocht, omdat dy skorst wie. Foar dat lêste hat er in warskôging krige, foar de hurdriderij in bekeuring.

Trefwurden: 
brommer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)