Hurdriders betrape

01 maaie 2013 - 08:12

De plysje hat tiisdeitejûn op 'e sneldyk by Snits it rydbewiis fan in 24-jierrige automobilist út Akersloot ynnaam. De man hie 161 op de teller stean, mear as twa kear safolle as de 80 kilometer dy't er mocht. Hy waard betrape mei help fan in lasergun.

Op de Ofslútdyk moast in ynwenner fan Hoogkarspel middeis syn rydbewiis ynleverje. De 55-jierrige man ried 55 kilometer yn 'e oere hurder as dat er mocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)