'Helys taaste rêst Skier oan'

30 apr 2013 - 21:44

Natoerbehearder Natuurmonumenten is min te sprekken oer de komst fan in helikopterhaven oan de Waadkust en in boarplatform fan Gaz de France sân kilometer ten noarden fan Skiermûntseach. It is aanst oer mei de rêst op it eilân en nasjonaal park, sa tinkt Otto Overdijk fan Natuurmonumenten. De helikopterhaven makket diel út fan de plannen foar in grut wynmûnepark boppe Skiermûntseach dêr't ek kabels foar nedich binne dy't mooglik dwers troch it eilân hinne komme te lizzen.

Wat it boarplatfoarm oangiet, is Overdijk foaral benaud foar boaiemdelgong en it útsicht. De krekte lokaasje foar de helikopterhaven moat noch fûn wurde, mar Overdijk ferwachtet in soad oerlêst fan oerfleanende helikopters.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)