Tûzenen riders freegje lintsje

30 apr 2013 - 17:05

Al mear as 2.000 leden fan de Alvestêdeferiening ha in lintsje oanfrege om it krúske as keninklike ûnderskieding drage te kinnen. Tiisdei hie Willem-Alexander as earste it Alvestêdekrúske as ûnderskieding op it boarst by syn ynhuldiging as kening.

De belangstelling foar it lintsje en de knoopsgatfersiering is folle grutter as ferwachte. Alle dagen komme der 50 oant 60 nije oanfragen binnen. No't de nije kening de ûnderskieding sa prominint droegen hat, ferwachtet Immie Jonkman fan de Alvestêdeferiening dat dat der noch mear wurde sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)